Kriebelbeestjes en minibiologen

Gepubliceerd 11 augustus 2017 door draagmemmie

“Meehm, memmie.
Meeeheeemmmm! Bist wekker?”

Ik hjer 6 lytse poatsjes de trep op trippeljen. De ien gjit wat hurder as de oar. De äldste is as earst by my, de jongste as leatst.

“Mem, sjoch ris wat wy foen hawwe! Sjoch mem, sa leaf!”
At myn bern sok iets sizze moat ik útsjen. Want wat myn bern leaf fiene, fient in gemiddeld minske net sa leaf. It hat faaks net in grut knuffel gehalte. Oare berntsjes roppe by in pup of kitten, “sjoch mem, sa leaf”. Die fan my sjoche dan hast net op of om.

At ik no fertel dat myn äldste foar syn jierdei in skorpioen freeche, witte jo wol dat ik rap omheech yn bed sit at myn bern de trep op drave en roppe “Sjoch mem, sa leaf”

En ja hjer. Se hawwe in spin yn de wenkeamer foen. En wat foar ien! It is in knoeperd! Sa’n ien die’t je hast rinnen hjerre. Sa’n hiele dikke swarte. Ik gruwel. Hun heit stjit achter se te leitsjen. Hy is nog wol sa leaf west om de bern de spin yn in bakje dwaan te litten.

Ik proberje myn angst foar spinnen net sjen te litten. “wat in moai spintsje. Hawwe jimme dy sels fongen?” Underwyls gruwel ik fan dat grutte swarte bist in it bakje op myn bed. Ik sjoch nei de kopkes fan myn bern. Sa grutsk op hun bistke. Hun nije husdier. Se sille migjes foar him fange sadat hy ite kin. We fersinne in namme. Nei lang stinnen wurd betocht dat spin Spin hiete sil.

Hjir bin ik moai klear mei. In grauwe spin yn in bakje yn’e hús. Hoe kom ik hjir fan óf? Ik beslút it efkes op syn berin te litten. En al gauw binne de bern Spin inderdaad ferjitten. Ik set Spin búten en hy siket gauw syn fryheid op. Grut geliek hat der.

Myn hús is, foar sa fier ik sels wit, no wer spin frij. Mar dat sil net lang duorre. Die bern fan my fiene de grutste sprinkhanen, de engste spinnen, de meast gekke wriemelbistjes en de moaiste kikkers. En alles moat mei nei hús. Yn bakjes wurde se hjir yn de tún setten. (en ek altiid wer fry litten) Want dat doche biologen. Se undersiekje en litte de bistjes wer fry. En jo riede al wat myn bern wurde wolle…

Justem; bioloog.

Ik bin beneid wat der nog allegeare mei sleept wurde sil de kommende jieren.

Advertenties

Eén reactie op “Kriebelbeestjes en minibiologen

  • Geef een reactie

    Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

    WordPress.com logo

    Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

    Google photo

    Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

    Twitter-afbeelding

    Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

    Facebook foto

    Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

    Verbinden met %s

    %d bloggers liken dit: